Gjin oare brêgebetsjinningstiden

© Omrop Fryslân
De provinsje hoecht de betsjinningstiden fan de brêgen yn de Kompanjonsfeart, tusken De Tynje en Appelskea, net te ferromjen. Dat hat de rjochter bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch Pleatslik Belang en de wettersportferiening fan De Gordyk én Schuttevaer.
De Kompanjonsfeart is in wichtich ûnderdiel fan de Turfrûte. Jûns nei fiven en sneins wurde de brêgen net betsjinne.