Provinsjaal jild foar akwadukten

© Omrop Fryslân
De provinsje giet troch mei it fierder ûntwikkeljen fan de adwadukten by Galamadammen, Jeltesleat en Wâldsein. De totale kosten fan de trije akwadukten wurde rûsd op 58 miljoen euro.
De provinsje nimt dêrfan mear as 20 miljoen foar har rekken. De rest moat opbrocht wurde troch de gemeenten Wymbritseradiel en Nijefurd en de stifting Rekreative Toerfeart.