Eigen museum foar Mata Hari

© Omrop Fryslân
Mata Hari krijt in eigen museum yn Ljouwert. It Frysk Museum, dat in lytse eksposysje oer har hat, komt mei it plan om dat yn it bertehûs fan de dûnseres en spionne te dwaan.
It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum sit no oan de Grutte Tsjerkestrjitte, mar dat komt leech te stean. It FLMD fusearret meikoarten mei Ryksargyf en Provinsjale Biblioteek.