'Dieders terjochte feroardield'
De twa fertochten yn de Puttense moardsaak binne yn 1995 terjochte feroardiele. It gerjochtshôf fan Ljouwert moast de saak op 'e nij besjen. Neffens advokaat Van der Neut is der gjin sprake fan in 'dwaling'.
De feiten besjend is neffens him de iennichste konklúzje dat Du Bois en Viets de dieders binne fan de moard op Christel Ambrosius.