Ynspraak doarpen oer wentebou

© Omrop Fryslân
Doarpen yn Súdwest-Fryslân meie sels meibeslute oer de wentebou. Gemeenten en provinsje besjogge mei de ynwenners wêr't fraach nei is. It giet om in proefprojekt fan de provinsje.
It nijboubelied is al langer in punt fan krityk. De provinsje tinkt dat der no mear yn fazes boud wurdt en mear foar de eigen ynwenners. Se hâlde lykwols fêst oan in maksimumtal nije huzen.