Bogerman wint Christina Concours
Skoalleband Bogerman Bigband fan Snits hat yn Den Haag it Prinses Christina Concours wûn. Dat is fan âlds in prestisjeuze lanlike priis foar jonge klassike musisy. Sûnt koart is der ek in priis foar jazzmuzyk.
Yn Grins wûnen de Snitsers al de heale finale. De band fan it Bogerman Kolleezje stiet ûnder lieding fan Anne Oosterhaven.