Boustaking wreidet út

09 apr 2002 - 00:00

De boustaking is de tredde wike yngien. Yn it Noarden hawwe op 't heden sawat tûzen wurknimmers it wurk dellein, ûnder oare yn Drachten, Burgum en op It Hearrenfean.

De stakers sizze in soad telefoantsjes te krijen fan oare boufakkers dy't ek meistake wolle. It Bûn foar Bou-ûndernimmers warskôget foar de maatskiplike en ekonomyske skea fan de staking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)