Ofskie Krol fan Lytse Doarpen

© Omrop Fryslân
De lytse doarpen binne it slachtoffer fan te folle ekonomysk tinken. Dat sei foarsitter Geeske Krol-Benedictus moandei by har ôfskie as foarsitter fan de Feriening fan Lytse Doarpen.
Oerheden moatte de foarsjennings safolle mooglik yn stân hâlde, sei Krol. Ek wurde der te min wenten boud, faak ek noch foar rike bûtensteanders. Krol hat sân jier foarsitter west.