Gjin ekstra maatregels races

08 apr 2002 - 00:00

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert sil gjin ekstra maatregels nimme tsjin yllegale strjitraces yn Fryslân. Ofrûne wykein kaam yn Druten, Gelderlân, in jonge om it libben by in yllegale race.

By in oare race yn Alkmaar rekken trije minsken ferwûne. Neffens it IM wurket har oanpak goed. Der wurdt strang kontrolearre en goed gearwurke mei gemeentes en plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)