De nap bliuwt yn 'e keatswant
De keatswant bliuwt sa't er no is, mei nap en al. Dat is de útkomst fan 'e grutte maaitiidsgearkomste fan 'e KNKB. Foar it foarstel fan Keatsferiening Foarút fan Marsum om de nap út 'e want te heljen wie gjin draachflak.
Keatsferiening Sjirk de Wal fan Dronryp kaam mei it foarstel foar in 'brede diskusje' oer de takomst fan it keatsen. Dit foarstel waard wol stipe.