Cambuur ferliest fan Heracles

07 apr 2002 - 00:00

In laks spyljend Cambuur is sneontejûn mei 2-0 ûnderút gongen tsjin Heracles út Almelo. De spilers fan Gert Kruys soene eins prestearje moatte om in nije wurkjouwer te finen, mar de lamliddichheid strielde fan de ploech ôf.

De oerwinning fan de ploech fan trener Gert Jan Verbeek wie dan ek dik fertsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)