Grut tekoart oan stedswachten
De stifting Stedswachten Fryslân hat in driuwend ferlet fan nije minsken. De lêste tiid hawwe in soad stedswachten by oare wurkjouwers in reguliere baan krigen en dy lege plakken moatte opfold wurde.
Yn de gemeente Ljouwert is it ferlet it grutst. De stifting wol dêr graach weryntreders oan it wurk sette. De gemeente hat dêrfoar al tastimming jûn.