Frjemde sykte treft eidereinen

06 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Eidereinen mei folslein keale koppen stelle fûgelûndersikers foar in riedsel. Sûnt in pear moannen wurde oan de kop fan de Ofslútdyk eidereinen fûn dy't gjin fearen en sels gjin hûd mear op 'e kop ha.

Wol is wis dat it net komt troch oanfallen fan oare fûgels, want dy pikke ek de eagen der út. De bisten wurde fierder ûndersocht op Texel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)