Anty-fandalismebus yn Den Haach

06 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It Arriva-projekt 'Help Vandalisme Afbreken' hopet finansjele stipe te krijen fan de oerheid. Dat seit betinker en sjauffeur fan de anty-fandalismebus, Cor Sterkenburg. Freed stie hy mei de bus by de Twadde Keamer yn Den Haach.

Doel fan it projekt is it werom bringen fan fandalisme, it ferheegjen fan it feilichheidsgefoel by bern en it stimulearjen fan ferantwurdlikens by bern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)