'EU keart stipe skipsbou op'

© Omrop Fryslân
Der is noch gjin nij stipefûns foar de skipsbou, omdat de Europeeske Kommisje hjir noch net tastimming foar jûn hat. Minister Jorritsma fan ekonomyske saken hat 90 miljoen euro beskikber foar de skipsbou, mar mei dy noch net útjaan.
Jorritsma sei dit freed yn Easterwâlde. De noardlike skipsbou kin 33 oarders útfiere, as it stipefûns der komt. Sa net, dan komt de sektor yn problemen.