14 listen by TK-ferkiezings

© Omrop Fryslân
By de Twadde Keamerferkiezings kin yn Fryslân keazen wurde út 14 partijen. Dat is minder as yn 1998, want doe diene 18 partijen mei. It Ljouwerter haadstimburo hat freedtemiddei de list fan 'e Vrije Indische Partij ôfkard, omdat dizze partij te min jildige hantekens ynlevere.
Yn Nederlân dogge meiinoar 17 partijen mei. Twa dêrfan hawwe gjin list ynlevere yn kieskring Ljouwert.