Nij skiednisboek Sudertrimdiel
Yn Wurdum wurdt freed it fyfde diel presintearre fan de rige Tusken Pot- marge en Jokse. It boek is in útjefte fan de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel. Dy hâldt him dwaande mei de skiednis fan de súdlike doarpen fan de gemeente Ljouwert.
Dit fyfde diel is foarearst it lêste dat de stúdzjerûnte útjout. In ryk ferskaat oan auteurs wurke der oan mei.