Nije namme foar Frysk WAO-beried

© Omrop Fryslân
It Frysk WAO-beried hat in nije namme. Tenei hyt it Frysk Gearwurkingsferbân Utkearingsgerjochtigden. Reden dêrfoar is dat de ynstânsje al in skoft net inkeld mear foar WAO'ers yn it spier is. Elkenien mei in útkearing kin no by ien fan de fyftjin stipepunten telâne.
Om de nije namme bekend te meitsjen wurde struibrieven útjûn. Dy komme ûnder oare by húsartsen te lizzen.