Nije direkteur Fryske Akademy
De Fryske Akademy krijt mei yngong fan 1 juny in nije saaklik direkteur. It giet om de 42-jierrige drs. Biemans fan Ljouwert. Biemans folget Derk Bosker op, dy't der nei twa jier mei ophâldt. Biemans is histoarikus en wurket al sûnt 1987 by de provinsje Fryslân as beliedsmeiwurker Kultuer en Underwiis.