Crystalic-gebou is ferkocht
Crystalic yn Ljouwert is foar goed 13 miljoen euro ferkocht oan in ûnbekende belizzer. Fan de glêzen pyramide dêr't ICT-bedriuwen yn sitte, is mar 60 prosint ferhierd.
De oannimmer boude earder it Adverium yn Drachten en it Aquaverium yn Grou. It bedriuw is no dwaande mei de bou fan in twadde Aquaverium, mar dat komt bûten Fryslân.