Kattemepper yn Ljouwert

03 apr 2002 - 00:00

Yn Ljouwert is nei alle gedachten in kattemepper aktyf. Yn it rivierke De Pormarge binne fiif deade katten oantroffen. Fierders wurde yn 'e buert noch santjin bisten fermist.

De fynst late ta tal fan telefoantsjes by de Diereambulâns. De meiwurkers hoopje de dieder fine te kinnen troch tips fan buertbewenners. De plysje is ek op de hichte steld fan de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)