Jonge rydt auto âlden oan stront

03 apr 2002 - 00:00

Tsjin in 15-jierrige jonge út Brantgum is tiisdei proses-ferbaal opmakke om't er sûnder rydbewiis ried. De jonge soe stiekem in eintsje ride yn de auto fan syn âlden dy't net thús wiene.

Op in bepaald stuit kaam de jonge mei de auto yn 'e berm telâne. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn de sleat. De jonge mankearre neat mar de auto waard folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)