Byld Piet Paaltjens yn depot
It byld fan Piet Paaltjens komt net werom op de Westerplantaazje yn Ljouwert. Dat is ien fan de konsekwinsjes fan de werynrjochting fan de binnenstêd.
It byld bliuwt yn depot oant it stuit dat der in nij plak foar fûn is. Ien fan de mooglikheden is in lokaasje op de Voorstreek, by it hûs dêr't de dichter berne waard.