Fakbûnen en Philips wer om tafel

02 apr 2002 - 00:00

De fakbûnen prate wer mei Philips oer de CAO. FNV Bondgenoten en CNV Bedrijvenbond binne útnoege om nije wike om de tafel te sitten. Ferline wike tongersdei leinen Philips-wurknimmers manmachtich it wurk del. Yn Drachten staakte hast elkenien.

Se koenen har net fine yn de leansferheging. De bûnen wolle 3,5 prosint mear lean oer de kommende fyftjin moannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)