Eigener pakt dief kachelhout

Plysjemotor © Omrop Fryslân
In 50-jierrige man út Kollumerpomp hat woansdei de dief fan syn brânhout sels pakke kinnen. De man seach jûns in auto oer it fytspaad riden yn de rjochting fan it fillapark. Omdat de bestjoerder ynienen de autoljochten útdie, hâlde de man de saak yn de gaten. Sadwaande seach er dat de fertochte dwaande wie hout yn de auto te laden.
De man út Kollumerpomp hâlde de fertochte oan en belle de plysje. Dy hat de man út Eastrum meinaam nei it buro.