Ambulânseferfier nei provinsje

© Omrop Fryslân
It ambulânseferfier moat yn hannen komme fan de provinsje. Dat wol in mearderheid fan de Twadde Keamer. No bepale de soarchfersekerders hoe't it jild foar sikeferfier útjûn wurdt. Minister Borst fan Folkssûnens wol alle macht lykwols by de fersekerders lizze.
As de provinsje it foar it sizzen krijt kinne knyppunten makliker oanpakt wurde, sadat ambulânses op tiid ride.