Biologysk ite yn 'e kantine
De Fryske Miljeufederaasje fiert kampanje om bedriuwskantines oan it biologysk iten te krijen. De provinsje jout it goede foarbyld, want sûnt tiisdei is op it Provinsjehûs eko-iten te krijen.
De aksje is earst slagge as fyftjin bedriuwen fan mear as hûndert wurknimmers 'om' binne. Fjirtich bedriuwen binne al oanskreaun.