Earrebarren yn jildpine

© Omrop Fryslân
It earrebarredoarp yn Eagmaryp giet mooglik ticht as der gjin bettere finansjele basis komt. It doarp hat te krijen mei ôffallers lykas de tongblierkrisis en djoerder foer.
Dêrtroch is it tekoart dit jier oprûn oant in tûzental euro's. As der gjin jild mear bykomt, is it yn 2005 dien mei de opfang. De lêste jierren komme der stiloan mear earrebarren yn Fryslân.