Boustaking foar ûnbepaalde tiid

02 apr 2002 - 00:00

Boufakkers binne tiisdei út ein set mei in staking foar ûnbepaalde tiid. Striidpunt is de reistiidfergoeding dy't de wurkjouwers opheffe wolle. Ferline wike wie der al in warskôgingsstaking fan in dei.

Yn Ljouwert, Grins en Assen binne aksjegearkomsten. De stakers driigje net earder oan it wurk te gean as de wurkjouwers om lyk gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)