Rekreaasjesektor lûkt wer oan
De rekreaasjesektor yn Noard-East Fryslân is wer oan it weromkommen. Wie de tongblier ferline jier spulbrekker, dit jier binne in soad ûndernimmers al folboekt foar de simmer.
Yn Bûtenpost wie moandei de Lauwersbeurs, mei 100 stands, mear as foarich jier doe't de beurs ôfsein waard. Dit jier wienen der minder besikers, mooglike oarsaak wie it moaie waar.