Deadlik ûngemak by Sondel
Op de krusing by de Suderseewei yn Sondel is snein in motorrider om it libben kommen. In automobilist seach him oer de holle by it oerstekken en ferliende gjin foarrang.
De motorrider, in man fan 26 jier út Genemuiden,is op it plak sels ferstoarn. Syn frou waard mei letsel nei it sikehûs brocht. De automobilist en passazjier rekken net ferwûne.