Oare eigner mineralogysk museum
It mineralogysk museum by Grou giet oer yn oare hannen. It museum fan eigner en beharder Sleiffer wurdt 15 july oernommen troch de Delftse heechlearaar geology Van Tooren.
Sleiffer woe al earder ophâlde om't hy en syn frou wat te âld wurde. No't Van Tooren soarget dat it museum iepen bliuwt, doart Sleiffer it nei 17 jier wol oan om ôfskied te nimmen.