Fjouwer deade katten opfiske

01 apr 2002 - 00:00

De diereambulânse hat snein fjouwer katten út it rivierke de Potmarge yn Ljouwert fiske. In bistedokter hat fêststeld dat de katten troch ferdrinking om it libben kommen binne.

De diereambulânse tinkt dat de katten ôfmakke binne troch immen dy't net fan katten hâldt. De plysje is op 'e hichte brocht en sil de saak ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)