Brân by Rendac

31 mrt 2002 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar is sneontenacht troffen troch in útslaande brân. It fjoer ûntstie yn 'e reekôffier fan it fearrefabryk. Earder dy jûns hie dêr ek al brân west, mar dat hiene de meiwurkers sels útmakke.

Diskear moast lykwols de brânwacht fan Burgum deroan te pas komme. De oarsaak fan 'e brân is noch net bekend. De skea foel achterôf ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)