Aaipop folslein útferkocht
It Frysktalige popfestival Aaipop yn Nijlân is folslein útferkocht. Alle 2000 kaarten foar it festival op Peaskemoandei binne yntusken oan de man brocht. It is foar de fyftjinde kear dat Aaipop organisearre wurdt.
Ferline jier koe Aaipop net trochgean fanwege de tongblierkrisis. Dit jier sille ûnder oare Piter Wilkens, Reboelje en Pigmeat optrede.