Nij kolleezje Amelân sûnder CDA

© Omrop Fryslân
Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland en Tineke Hemminga fan 'e PvdA wurde de nije wethâlders fan it Amelân. Se komme beide fan Hollum. Algemeen Belang Amelân woe ynearsten fierder mei it CDA, mar net mei sittend CDA-wethâlder Oene de Vries. Doe't it CDA wegere mei in oare namme te kommen, kaam de PvdA yn byld.
Tineke Hemminga is der alderearste froulike wethâlder fan it Amelân.