Peaskemerke yn Skoatterwâld

© Omrop Fryslân
De tradisjonele peaskemerke fan Oranjewâld is dit jier foar it earst yn Skoatterwâld. De merke wie 100 jier lang by Hotel Tjaarda, mar it hotel woe dat net mear. De merke is no op it parkearterrein fan VV Heerenveen.
De merke gie los op Goedfreed. Doe wie it noch net al te drok, mar de merkelju tidigje der op dat dat letter yn it Peaskewykein wol better wurde sil.