Sel easke foar minskesmokkelder

29 mrt 2002 - 00:00

In 45-jierrige Ljouwerter hat freed twa jier sel tsjin him easkjen heard. De man soe minsken nei Nederlân ta smokkele ha, út syn heitelân Somalië wei.

Neffens de oanklager regele de man reispapieren fia syn reisburo. Hy wurke gear mei 'Roda de Smokkelaarster', dy't earder ek feroardiele is. Neffens de adfokaat fan de man regele er famyljebesites.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)