Rêstige iepening Duinen Zathe

© Omrop Fryslân
It waar wurke mei, mar drok wie it noch net. By de weriepening fan Duinen Zathe yn Appelskea koene freed noch net folle minksen it paad nei de nije lokaasje fine. Ek al binne der dan allegear nije attraksjes, lykas in wetterglydsbaan.
Sa'n twaeninheal jier hat de bou fan it nije park duorre. Protesten fan omwenjenden en problemen mei fergunnings makken dat dat langer wie as ferwachte.