Omwikseljen âld jild kostet jild

29 mrt 2002 - 00:00

It omwikseljen fan it âlde Nederlânske jild is fan freed ôf net mear fergees. Oant no ta koene minsken dy't noch âld Nederlânsk jild hiene, dat fergees ynleverje by de balys fan de banken.

Mei yngong fan nije wike kostet it ynwikseljen fan de gûnen in pear euro. Goedfreed binne de banken ticht. Tongersdei wie it drokker as oars by de banken om't it doe foar it lêst koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)