6000 euro lichter fia ynternet

Laptop © ANP XTRA
In man fan De Jouwer is 6000 euro kwytrekke troch oplichting fia ynternet. De man wie oan it telebankieren en krige de meidieling op syn skerm dat er troch in steuring net ynlogge koe. Even letter krige er de fraach om opnij yn te loggen en syn identifikaasjenûmer yn te fieren. In pear dagen dêrnei ûntduts er de stellerij.
De plysje warskôget minsken om net yn sokke trúks te traapjen. Banken freegje nea fia in pop-up op je skerm om je ynlochgegevens.