Man fernielt flitsapparaat
In 22-jierrige man út Smellingerlân hat woansdei yn Drachten in bekeuring krigen om't er it de plysje ûnmooglik makke in snelheidskontrôle út te fieren.
De man ried op de Noorderhogeweg doe't er stilhold en it flitsapparaat yn de middenberm omgoaide. De plysje naam de man mei nei it buro dêr't er in boete fan 225 euro krige.