Achmeatoer feilich ferklearre

28 mrt 2002 - 00:00

De Achmeatoer yn Ljouwert is wer feilich ferklearre. Alle risikofolle gevelplaten hawwe in dûbele ferankering krigen en de oare platen binne by wize fan stekproef testen.

Boargemaster De Boer hat dan ek besletten dat de ferkearsmaatregels oan de Sophialeane freed opheft wurde kinne. De omjouwing fan de toer is al sûnt 22 febrewaris ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)