Gasfabrykterrein moat skjin

28 mrt 2002 - 00:00

It terrein fan it eardere gasfabryk fan Ternaard is slim fersmoarge. De grûn moat skjin makke wurde om't der oars gjin huzen op boud wurde meie. De kosten fan it sanearjen binne oardel miljoen euro.

De provinsje besiket in bydrage fan it ministearje fan VROM los te krijen. De gemeente Dongeradiel draacht 247.000 euro by en de provinsje betellet ek mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)