Ludwig liedt fraksje PvdA
Hannah Ludwig wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Provinsjale Steaten. Se folget Gea van Dijk op, dy't nei alve jier út de polityk giet.
Van Dijk woe deputearre Heldoorn wol opfolgje, mar de fraksje keas foar Anita Andriessen as nije deputearre. Fan Sicko Heldoorn wurdt tongersdei ôfskied nommen. Hy wurdt boargemaster fan de gemeente Opsterlân.