Measte bern nocht oan skoalle

27 mrt 2002 - 00:00

Alve prosint fan de skoalbern giet net mei plezier nei skoalle ta. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Fryske Akademy nei alle bern yn it Fryske basisûnderwiis. Benammen jonges geane mei tsjinsin nei skoalle.

Se binne net motivearre om te learen en ha gjin goede relaasje mei de learkrêft. Trijefjirde part fan de bern kin it wol goed fine mei master of juffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)