Wâldwei ôfset troch slim ûngelok

© Omrop Fryslân
By in ferkearsûngelok by de Langdeelsbrêge yn de Wâldwei binne woansdei twa minsken om it libben kommen. Ien persoan is slim ferwûne rekke. De slachtoffers sieten yn in auto dy't by it ynheljen frontaal op in frachtwein botste.
In part fan de Wâldwei, tusken Himriksein en Garypstershoeke, wie foar it ferkear ôfsletten. Der wienen omliedings by Ljouwert en Garyp.