Noch gjin foljêre yn Prinsetún

© Omrop Fryslân
It liket neat te wurden mei de plannen foar in foljêre yn de Prinsetún yn Ljouwert. Foljêreferiening Natuurzang wie fan doel it fûgelhok, dat eartiids ek yn de Prinsetún stie, op 'e nij libben yn te blazen. De gemeente is lykwols net sa happich.
Boppedat is de foljêreferiening benaud foar fernielings. Dy yn Frjentsjer en Harns binne ek al fernield.