Nij MFC mei berneopfangplakken
Oan de Willem Sprengerstrjitte yn Ljouwert is woansdei it nije multyfunksjonele sintrum "Woeste Willem" iepene. Yn it sintrum is neist berneopfang en in plak foar âlderein, in bûtenskoalse opfang foar bern fan 4 oant 12 jier.
Nettsjinsteande de lange wachtlisten foar berneopfang yn Ljouwert hat it sintrum sa'n 20 frije opfangplakken.