Wenpleats Oerterp yn 'e brân
In wenpleats oan de Omgang yn Oerterp is woansdeitemoarn yn 'e brân flein. Trije brânwachtkorpsen besochten it fjoer te dwêsten. Troch it reiddak wreide it fjoer him rap út. De brân wie yn de skoarstien begûn.
It reiddak op de pleats is folslein ferlern gien. Foar safier't bekend is, hawwe der gjin persoanlike ûngemakken west.